Klimmissy Achterbosch slagget

22 maaie 2010 - 10:02

De Ljouwerter berchbeklimmers Hans Achterbosch, Harry Lunter en Ron Fonfille binne freed nei in grut aventoer wer yn de bewenne wrâld oankaam. De trije manlju binne yn Yndonezië om de Carstenz Pyramide op Nij Guinea te beklimmen. Ofrûne sneon slaggen Achterbosch en syn maten yn de missy: nei in slopende reis troch de jungle ha se de berch betwongen.

Achterbosch hat no de sân heechste bergen op alle kontininten beklommen. Op 26 maaie komme de manlju wer thús.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)