70 minsken op ynfojûn brân

Goed santich ynwenners fan Haulerwyk kamen freedtejûn ôf op de spesjale ynformaasjebyienkomst oer de grutte brân yn it doarp. De minsken hiene benammen in soad fragen oer de resten fan 'e brân dy't op ferskate plakken yn it doarp delslein binne.
Freedtemoarn bruts in grutte brân út by in konstruksjebedriuw op it yndustryterrein. Dêr kaam in soad reek by frij. Om't der mooglik ek sprake wie fan skealike stoffen, waard grut alarm slein.