De Vries start omropnonstop.nl

21 maaie 2010 - 16:07

Deputearre Jannewietske de Vries fan kultuer hat freedtemiddei de nije on-line radiostjoerder Omropnonstop.nl yn gong set. De deputearre die dit yn it radioprogramma Noardewyn yn it selskip fan ferskate Fryske artysten lykas Strawelte, Anneke Douma en Danny Panadero.

De Vries neamde Omropnonstop.nl 'in moai inisjatyf', omdat sa'n muzykkanaal Fryske artysten ekstra kânsen biedt. Omropnonstop.nl lit dei en nacht Frysktalige muzyk hearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)