Nije drugsfangst op syljacht

21 maaie 2010 - 11:15

It ûndersyk nei de drugssaak op de Noardsee tusken Skylge en Flylân it ôfrûne wykein hat laat ta de fynst fan opnij 3000 kilo hasj. Dy fynst is dien yn in syljacht dat 100 meter foar de kust fan Schoorl lei, yn Noard-Hollân. Der wie net ien oan board. It jacht is yn beslach nommen troch plysje en maresjesee. De hasj hie in strjitwearde fan 15 miljoen euro. Dit wykein binne al 4 minsken oanhâlden. Der wurdt folop ûndersyk dien, mar der binne noch net mear minsken oppakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)