Famke rekke mei luchtbuks

21 maaie 2010 - 10:16

Twa famkes út Stiens binne tongersdeitejûn besketten mei in luchtbuks. De famkes fan tolve en njoggen jier fytsten oer de Burmaniawei yn harren wenplak doe't se in skot hearden. Ien fan harren waard rekke en foel.

De warskôge plysje fûn út dat in 17-jierrige jonge út Stiens sketten hat. Hy is oanhâlden. Neffens de jonge hat er net mei opsetsin it famke rekke. Dy hat foar safier bekend neat oan de sjitpartij oerhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)