Medisinen ferlern op De Tynje

21 maaie 2010 - 08:23

Op De Tynje is tongersdei oan de ein fan de middei in doaske mei medisinen ferlern. Dat is gebeurd oan de Breewei of Riperwei yn it doarp. Yn it doaske sitte 30 lichtroze kapsules. It giet om medisinen dy't gefaarlik wêze kinne as se op de ferkearde wize ynnaam wurde.

It doaske mei medisinen kaam freed yn 'e rin fan 'e dei wer boppe wetter. Der binne gjin ûngelokken bard mei de medisinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)