Studinte twadde by ferkiezings

Sanne Roffel: de op ien nei knapste studint
NHL Pabo-studinte Sanne Roffel is twadde wurden yn de 'Student of the year' ferkiezing. It gie yn dizze ferkiezing om de studint dy't it bêste uterlik en kennis kombinearret.
Tongersdei waard ek bekend makke hokker studint de moaiste billen hat. Oan dizze ferkiezing die studinte Angelien Pot, ek fan de NHL mei. Sy is dêrby net yn de prizen fallen.