Cohen: Gearwurking tsjin krimp

PvdA listlûker Job Cohen
Fryslân moat de krimp net allinnich oanpakke. Se moatte de gearwurking sykje mei Grinslân en sa de problemen oanpakke. Dat sei PvdA-listlûker Job Cohen tongersdei op in ferkiezingsbyienkomst yn Ljouwert.
Hy makke de fergeliking mei Limboarch. Dêr prate stêden meielkoar om de krimp op te kearen. As se dat yn it Noarden no ek dogge, dan hat it Ryk dêr jild foar oer, sa sei Cohen. Hy prate yn Ljouwert oer de ekonomyske plannen fan de PvdA.