Hantekens foar Holwerterfeart

Haven fan Holwert
De stifting Rekreaasje en Toerisme yn Holwert sil hantekens sammelje om it foar elkoar te krijen dat de Holwerterfeart útbaggere wurdt. Dat is tongersdeitejûn op in wurkbyienkomst fan de stifting besletten. Neffens de stifting hat it baggerjen gjin prioriteit by de gemeente Dongeradiel.
In soad boaten kinne no de haven net yn en út. De sammele hantekens sille oer in pear wike op ludike wize oanbean wurde oan de ried.