Lit'diel moat fiks besunigje

Gemeentehûs Wommels
De gemeente Littenseradiel moat foar 2014 goed 1,2 miljoen euro besunigje. It kolleezje fan B&W hopet dat dwaan te kinnen sûnder dat dat ten koste giet fan bygelyks doarpshuzen, skoallen of de sport. Dochs sil elkenien neffens wethâlder Willemsma de ambysjes bystelle moatte.
Grutte ferbouwings of útwreidings sitte der eins de kommende jierren net yn. Neffens Willemsma moat elkenien op syn wize in bydrage leverje oan it werombringen fan it tekoart.