Man dea troch fal fan steiger
By in bedriuwsûngefal by in timmerbedriuw oan de Celsiuswei yn Ljouwert is tongersddeitemiddei in 51-jierrige Ljouwerter ferstoarn. De man foel fan in steiger.
Der is noch besocht it slachtoffer te reanimearjen en de traumahelikopter waard ek noch ynskeakele. De arbeidsynspeksje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngefal.
Trefwurden:
argyf