Dief út beam weihelle

Yn Beetstersweach is in 20-jierrige dief út in beam helle. Hy hâlde him op acht meter heech ferskûle. De man wurdt derfan fertocht mei trije oaren jild stellen te hawwen út in winkelkassa. De trije oaren binne yn in auto útnaaid. De auto hat oan de foarkant in wyt en achterop in giel kenteken.
De oppakte man is in Roemeen. Nei alle gedachten komme de trije oaren ek út dat lân. De plysje hat in part fan it jild weromfûn.