PvdA: lit JSF mar sitte

De PvdA fynt it ûnferantwurde om fierder te gean mei testen fan 'e JSF. Dat is dúdlik wurden by in debat oer de opfolger fan 'e F16. Der is te folle fertraging en de JSF falt folle djoerder út as tocht. De PvdA wol dat de oanskaf fan it earste testtastel weromdraaid wurdt en dat in twadde JSF-testtastel net oanskaft wurdt.
De mooglike komst fan de strieljager soarget yn 'e doarpen om 'e Ljouwerter fleanbasis hinne foar in soad ûnrêst. De JSF soe folle mear lûdsoerlêst jaan.