Liet: Ivan Pel-publykspriis

De publykspriis fan it Fryske sjongfestival Liet hjit tenei de Ivan Pel-publykspriis. Pel ferstoar maitiid ferline jier hommels. Hy wie fan 1991 oant 2009 produsint en saaklik lieder fan Liet en fan Liet Ynternasjonaal. Yn 1991 rjochte er Liet mei op en tsien jier letter Liet Ynternasjonaal.
It Fryske liet is takom sneon yn De Harmonie yn Ljouwert. Nei foarrondes binne tsien dielnimmers selektearre en der is ien fan 'e ôffallers útkeazen fia in stimming op www.liet.nl.