'Circus Belly oplichterij'

20 maaie 2010 - 12:34

Circus Belly-Wien moat net mear yn Nederlân talitten wurde. Dat fynt in groep lilke âlden út Snits. Yn in brief oan demisjonêr minister fan justyzje Hirsch Ballin skriuwe se dat it sirkus in spoar fan geweld en oplichting troch it lân lûkt.

Ofrûne sneon wie der in fjochtpartij yn Snits. In clown sloech dêrby in 14-jierrich famke yn it gesicht nei rûzje oer frijkaartsjes. It sirkus dielt dy kaartsjes út, mar dêr is in soad ûndúdlikens oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)