Snellaadpunt elektryske auto's

Prins Maurits hat tongersdei yn Ljouwert it earste Euroeeske hurdlaadpunt foar elektryske auto's en buskes iepene. It laden dêr duorret in heal oere. By in gewoan oplaadpunt of thús kin dat wol 4 oant 8 oeren duorje. Maurits is foarsitter fan it Formule-E team, dat de yntroduksje fan elektrysk ferfier stipet.
De gemeente Ljouwert en de provinsje wolle koprinner wêze yn elektrysk ferfier. By it punt wurde foarearst by wize fan proef taksybuskes opladen.