Massaal protest garnalefiskers

20 maaie 2010 - 12:08

Garnalefiskers binne tongersdei yn in protesttocht fan Lauwerseach nei Sâltkamp fearn. Se dogge dat omdat op hieltyd mear plakken in fiskferfod jildt.

De fjirtich Fryske en Grinslanner garnalefiskers hawwe harren nocht fan 'e nije maatregels. Sa wurdt it troch de komst fan wynmûneparken en mokselsiedynstallaasjes op see hieltyd dreger om op garnalen te fiskjen. Guon fiskers kinne de holle dêrtroch noch mar amper boppe wetter hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)