Himpkwekerijen ûntromme

Yn Ljouwert binne woansdei trije himpkwekerijen ûntromme. In boppewente oan 'e Noorderdorpsstraat wie folslein as kwekerij ynrjochte. Der stiene 500 planten en de stroom waard yllegaal ôftaape.
Yn in hûs oan 'e Skieringerwei trof de plysjes hast 140 himpplanten oan. Dêr waard de stroom ek yllegaal ôftape. De bewenner (26) hat in proses-ferbaal krigen. Fierders stiene yn in wenning oan 'e Hagedoornplein 70 planten. Der wie ek in kilo oan himptoppen.