Drachtster rydt de sleat yn

20 maaie 2010 - 09:58

In 28-jierrige man út Drachten is woansdeitejûn mei de auto yn in feart yn Drachten bedarre. De man ried op de Richterlaan, rekke fan de dyk en kaam yn it wetter telâne. Yn de auto siet noch in passazjier. Beiden koene sels út de auto komme.

De plysje hat de bestjoerder meinaam mei nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat er alkohol op hie. Syn rydbewiis waard foar twa oeren ynnaam en hy hat in proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)