Alvetal ferlit Hearrenfean

20 maaie 2010 - 00:59

De froulju fan Sportklup Hearrenfean ferlieze foar it kommende seizoen hast in alvetal oan spylsters. Belangrike spylsters binne jeugdynternasjonals Lieke Martens en Carmen Manduapessy. Atty Eelkema en keepster Geertje Hiemstra hâlde op mei harren fuotbalkarriêre.

VVV en Zwolle hawwe kommend seizoen ek in frouljusteam en dêrtroch moatte guon klups spylsters ôfstean. Yn totaal ferlitte tsien spylsters Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)