Slachfjild yn Ronde Italië

19 maaie 2010 - 19:05

Pieter Weening en de measte fan syn kollega's dy't foar yn it klassemint stiene, ha yn de 11de etappe fan de Giro in flinke opdonder krigen. Yn de langste etappe oer 262 km, mei wer in protte reinwetter, naaide in grutte groep nei sa'n 25 kilometer út.

Op de einstreek hiene de measte toppers krapoan trettjin minuten ferlern. De Rus Petrov wûn de etappe. De Australiër Richie Porte is de nije lieder. Pieter Weening sakke nei it 26ste plak op 17.38 fan Porte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)