Strân Amelân wurdt skjinmakke

19 maaie 2010 - 14:04

In diel fan it strân fan It Amelân wurdt woansdei skjinmakke. Dat wurdt dien mei it each op de toeristen dy't it kommend Pinksterwykein nei it eilân komme.

Gewoanwei wurdt it strân fan it waadeilân fan 1 juny ôf skjinmakke. Troch de noardewyn fan de ôfrûne dagen is in soad guod oanspield. Dêrom wurdt de himmelaksje no wat earder dien. It strân fan It Amelân waard trije jier lyn útroppen ta it skjinste fan Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)