Wapen sjitterij De Lemmer fûn

19 maaie 2010 - 12:16

De plysje hat it wapen fûn dêr't tiisdei op 'e Lemmer mei sketten wêze soe. In man (48) melde him by de plysje mei de meidieling dat út in ridende auto wei op him sketten wie. Hy rekke ferwûne oan de foet en is behannele yn it sikehûs.

De plysje sette nei de sjitpartij in tal strjitten op 'e Lemmer ôf om troch te sykjen. Dêrby is it wapen fûn. It is noch ûndúdlik wat krekt bard is. De plysje ûndersiket dat noch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)