Auto Boerumer weromfûn
De auto fan de fermiste Michael Karel de Vrieze is tiisdeitemiddei weromfûn yn Grins. De auto dy't al wiken oan de Wenckebachlaan stie, wurdt troch de resjerzje ûndersocht op DNA-spoaren. De Boerumer is sûnt 10 april net mear sjoen. Der sitte 25 resjersjeurs op de fermissing. De plysje giet út fan in misdriuw. Nei oanlieding fan Opsporing Verzocht binne 9 tips kaam.
By skaakklup De Twee Kastelen yn Bûtenpost, dêr't De Vrieze lid is, binne se ûngerêst oer har topskaker.
Trefwurden:
argyf