Aksje by bushokjes

Vluchtelingencordon Friesland freget woansdei mei in aksje by bushokjes omtinken foar útprosedearre asylsikers. Neffens it kordon wurde dy noch te faak op strjitte set, neidat har oanfraach foar in ferbliuwsfergunning op neat útrûn is.
Der is keazen foar in aksje by bushokjes omdat dat neffens Vluchtelingencordon faak it iennichste plak is dêr't útprosedearre asylsikers noch hinne kinne. Fanwege de aksje binne bushokjes omboud ta wenkeamer.