Stipepunt It Bilt fernijd

19 maaie 2010 - 07:10

It archeologysk stipepunt yn Aldebiltsyl hat in opknapbeurt hân. Yn it stipepunt is neist ynformaasje oer de skiednis fan de gemeente it Bilt ek toeristyske ynformaasje te finen. It stipepunt sit yn De Aerden Plaats, dêr't ek de Julianatsjerke diel fan út makket. Dy tsjerke kin ek besjoen wurde, krekt as de âlde kosterskeamer dy't de ôfrûne tiid restaureard is.

It fernijde stipepunt wurdt ein dizze moanne iepene en hâldt dan ek iepen hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)