Dadergezocht.nl docht fertuten

18 maaie 2010 - 15:36

De plysje is tige tefreden oer de opspoaringssite dadergezocht.nl. Yn it earste jier binne 26 saken mei help fan 'e ynternetsite oplost. De site wurdt ynset as de plysje oerfallers, geweldplegers en oare kriminelen siket. In filmke oer de fjochterijen yn en by Club Q is op ien dei troch 15.000 minsken besjoen.

Oer 'Burgernet' is de plysje ek tefreden. Minsken krije in sms of in telefoantsje by in fermissing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)