Sjittende plysje net ferfolge

18 maaie 2010 - 14:29

De plysjeman dy't mids jannewaris op in skoalplein op It Hearrenfean op in man út Sweagerbosk sketten hat, wurdt net ferfolge. Dat hat it iepenbier ministearje besletten. De man hat him oan 'e regels hâlden, fynt it iepenbier ministearje.

De plysje skeat op 'e man doe't dy mei in mes stie te swaaien op in skoalplein. De man waard dêrby rekke yn 'e earm en yn 'e skonk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)