Noorderlicht net yn Ljouwert?

De fotomanifestaasje Noorderlicht is dit jier mooglik net yn Ljouwert. De útstalling soe yn septimber en oktober yn 'e âlde finzenis de Blokhúspoarte te sjen wêze. Mar de gemeente fynt it gebou ûnfeilich foar grutte groepen minsken, ûnder oare fanwege de brânfeiligens.
Eksposearje yn it Fries Museum kin mar foar in part fanwege wurk oan it gebou. Direkteur Broekhuis fan Noorderlicht tinkt no nei oer alternative plakken, ek bûten Ljouwert.