Ferset tsjin rûnwei opjûn

18 maaie 2010 - 11:31

It lêste stik fan 'e súdlike rûnwei fan Frjentsjer kin dochs oanlein wurde. Boer Van der Schaar út Frjentsjer giet net yn kassaasje tsjin in rjochterlike útspraak oer de úteigening fan in part fan syn grûn. De boer hat him dêr lang tsjin ferset, mar jout no belies. Om't it allegearre sa lang duorre, wie de gemeente al yn petear mei oare grûneigners. De boer krijt fan 'e gemeente Frjentsjerteradiel in fergoeding fan 270.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)