Stien tsjin sinleas geweld

17 maaie 2010 - 23:20

Jos Spruit út Frjentsjer leit ynkoarten in stien op it plein fan de Kleyenburgskoalle om te protestearjen tsjin sinleas geweld. Har dochter Willeke is acht jier lyn om it libben brocht by in fjochtpartij yn kafee Alouette yn 'e stêd.

Frou Spruit set har al jierren yn foar de Stichting Tegen Zinloos Geweld. Sa dielt se oeral spjeldsjes fan de stifting út. Mei it jild dat se krigen hat, hat se in stien kocht. De stien wurdt ynkoarten offisjeel lein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)