Pieter Weening ferliest tiid

17 maaie 2010 - 22:37

Pieter Weening hat moandei yn de njoggende etappe fan de Ronde fan Italië kostbere tiid ferlern. Weening kaam nei 187 kilometer yn in flakke etappe mei in achterstân fan 1.49 op winner Matthew Goss oer de einstreek.

Yn it algemien klassemint sakke Weening nei it sechstjinde plak op 7.31 fan lieder Aleksandr Vinokoerov. It ferlies yn de etappe wie eigen skuld fan de Harkemaster. Hy siet te fier achter yn it peloton doe't de groep bruts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)