Hokkelingen op de Wâldwei

17 maaie 2010 - 17:33

Op de Wâldwei tusken de Werpsterhoeke en de Langdielbrêge rûnen moandeitemiddei in pear hokkelingen los om. De bisten wiene ûntsnapt út in stik greide.

De plysje hat de bisten mei help fan automobilisten werom nei de greide jage. It ferkear hat oan beide kanten fan de dyk in skofke stillein fanwege de fangaksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)