'Studinten yn Tailân feilich'

17 maaie 2010 - 15:33

De âlden fan útwikselingsstudinten fan Stenden Hegeskoalle yn Tailân kinne gerêst wêze. Harren bern binne feilich op de kampus flak bûten Bangkok. It is op dit stuit tige ûnrêstich yn de stêd. It regear is yn gefjocht mei demonstranten. De saneamde reade-shirt demonstranten binne al sûnt heal maart dwaande mei de demonstraasjes.

De ôfrûne dagen is de situaasje slimmer wurden. Sa wurdt der mei skerp sketten. Stenden Hegeskoalle hat op it stuit in tal studinten yn Bangkok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)