Beswier tsjin Lauwershage

17 maaie 2010 - 14:59

Der binne by de provinsje Fryslân twa beswierskriften ynkommen tsjin de bou fan soarchrekreaasjepark Lauwershage. Dat park moat op it terrein fan it eardere Muiden Chemie yn de Kollumerwaard komme.

It is bedoeld foar minsken dy't soarch nedich hawwe wilens harren fakânsje. De provinsje wol net sizze wa't de beswieren yntsjinne hat en wat it krekt foar beswieren binne. Op 1 july sille se nei alle gedachten behannele wurde yn de beswierskriftekommisje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)