Plysje snipt fiskstreupers

17 maaie 2010 - 14:56

Fiskstreuperijteam Fryslân hat snein twa manlju in proses-ferbaal jûn omdat se yllegaal oan it fiskjen wiene. De manlju hiene netten útstean op 'e Tsjûkemar, op in plak dêr't dat net mei. In foarbygonger seach dat it duo dwaande wie om netten út te setten en warskôge dêrop it streuperijteam.

Doe't dy op it plak kaam wiene de streupers al fuort. De manlju waarden letter yn harren wenning oantroffen en krigen dêr in proses-ferbaal. De netten binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)