Jans wol dat Kuiper bliuwt

17 maaie 2010 - 14:46

Yme Kuiper moat oanbliuwe by Sportklup Hearrenfean. Dat seit Ron Jans, de nije trainer fan Hearrenfean. Jans reagearret dizze wike foar it earst sûnt hy trainer wurden is fan Hearrenfean.

Jans hat goeie petearen hân mei de hjoeddeiske direksje en sjocht it net sitten as Yme Kuiper beslút om fuort te gean. Hearrenfean hat in advertinsje set foar in nije foarsitter en it is noch ûnwis oft Kuiper dan oanbliuwt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)