Kondolêanseregister yn H'garyp

17 maaie 2010 - 12:05

Yn it doarpshûs fan Hurdegaryp is moandei in kondoleânseregister iepene foar Marten en Janneke Pijlman, it echtpear dat ferline wike omkaam by de fleantúchramp yn Tripoli. It doarpshûs is alle dagen iepen fan 10.00 oant 12.00 oere moarns en jûns fan 19.00 oere ôf. Dit wykein is ek al stilstien by de dea fan it echtpear.

Marten Pijlman wie aktyf belutsen by de fuotbalklup. De flagge hong dit wykein healstôk en de spilers fan de klup spilen sneon mei in roubân om.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)