Mei 152 km oer de Bûtlânswei

In 24-jierrige man fan Tersoal is snein syn motor en rydbewiis kwytrekke neidat er fierstente hurd ried. Hy ried oer de Bûtlânswei tusken Grou en Jirnsum. Dêr is 50 kilometer yn 'e oere tastien, en de man ried neffens de plysje wol 173 kilometer yn 'e oere.
De plysje mjitte lang om let in trochsneed snelheid fan 152 kilometer de oere. Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.