Fleanfjild Eelde al wer iepen

17 maaie 2010 - 11:01

De fluchten fan it fleanfjild fan Eelde kinne moandei dochs trochgean. Moandeitemoarn waard it fleanfjild sletten fanwege de oerdriuwende jiskewolk út Yslân.

No docht bliken dat de fleantugen ûnder de wolk trochfleane kinne. Dit betsjut dat fakânsjegongers net mear mei bussen nei it Dútse fleanfjild Münster hoege. It giet op Eelde om fakânsjefluchten nei ûnder oare Faro, Heraklion en Corfu. Tritich persint fan 'e reizgers komt út Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)