Fakânsje-sprekoere GGD Fryslân

17 maaie 2010 - 08:21

Minsken dy't op reis geane en fragen ha oer in eventuele faksinaasje kinne yn juny en july terjochte op in sprekoere fan de GGD Fryslân. Op dat sprekoere krije se ynformaasje oer de sûnensrisisko's yn de lannen dêr't se hinne geane en kinne se har faksinearje litte.

De GGD komt mei it sprekoere nei fragen fan klanten dy't gjin ôfspraak makke ha foar in faksinaasje, mar wol graach holpen wurde wolle. It sprekoere is op tongersdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)