Weening bliuwt yn top fyftjin

16 maaie 2010 - 20:16

Pieter Weening hat nei de achtste etappe fan de Ronde fan Italië syn posysje yn it algemien klassemint wer ferbettere. Yn de rit oer 189 km mei de einstreek op de berch Terminillo (1668 meter) einige Weening as 29ste. De Deen Chris Anker Sørensen kaam solo twa minuten earder binnen.

Yn it algemien klassemint stiet de Harkemaster op it fjirtjinde plak, op 5.42 fan lieder Aleksandr Vinokoerov. Bauke Mollema stiet ien plak leger mei in achterstân fan 6.05.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)