Drachtster oppakt mei drugs

16 maaie 2010 - 14:29

In Drachtster (18) is sneontenacht oanhâlden yn syn wenplak om't er softdrugs by him hie. De plysje seach dat trije minsken harren fertocht gedroegen yn in parkje. Ien fan harren naaide út doe't er de plysje-auto seach, mar de plysje krige se allegearre te pakken.

By de 18-jierrige waarden pûdsjes mei softdrugs fûn. Yn totaal giet it om 50 gram. De drugs binne yn beslach naam. De fertochte is foar fierder ûndersyk ynsletten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)