Snitsers pakt mei drugs

Twa Snitsers fan 20 en 26 jier binne sneontenacht oanhâlden yn Koudum om't se harddrugs by harren hiene. Plysjes seagen in auto op in parkearplak stean mei dêryn twa manlju. Ien fan harren ferstoppe wat doe't er de plysje-auto seach. De plysje spruts it duo dêrop oan. Yn 'e auto fûn de plysje in doaske mei dêryn nei alle gedachten speed.
De twa manlju binne oppakt en nei it plysjeburo brocht. De drugs binne yn beslach naam.