Ljouwerters beklimme nije top

De Carstenz Pyramide op Nij Guinea, Yndonezië
De Ljouwerters Hans Achterbosch, Harry Lunter en Ron Fonville hawwe de heechste berch fan Australië en Oseänië betwongen. De trije berikten sneon de top fan 'e Carstenz Pyramide op Nij Guinea yn Yndonezië.
Achterbosch hat no de sân heechste bergen op alle kontinenten beklommen. Allinnich de Mount Everest helle er yn 1992 net fanwege tragyske omstannichheden. Om op 'e Carstenz Pyramide te kommen moasten se in swiere tocht meitsje troch tropysk bosk.