FVC dochs noch nei finale

16 maaie 2010 - 11:50

It twadde alvetal fan fuotbalclub FVC yn Ljouwert is nei in bizarre penaltyreeks troch nei de finale om de beker. De feitlike wedstriid waard op 6 maaie al spile. De einútslach wie doe 1-1. Der folgen strafskoppen en dy waarden wûn troch FVC.

De skiedsrjochter hie in flater makke. Hy liet trije minsken in strafskop nimme, wylst fiif de regel is. Frisia gie yn berop en sadwaande stiene de ploegen snein op'e nij tsjinoer elkoar. FVC wûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)