Drugsfangst op Noardsee

15 maaie 2010 - 21:47

Op de Noardsee tusken Skylge en Flylân hat de maresjesee in syljacht ûnderskept mei trijetûzen kilo hasj oan board. It jacht wie freed al sjoen troch in fleantúch fan de kustwacht. Dy fûn dat de bemanning in fertochte ferklearring joech oer it doel fan de reis. It jacht is dêrnei sneontemoarn trochsocht troch de maresjesee. Dy trof de drugs oan yn grutte balen.

Yn Makkum is in twadde skip fûn dat mooglik belutsen wie by de smokkel. Fjouwer minsken binne oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)