IFKS-skûtsje wint Lemmer Ahoy

15 maaie 2010 - 16:58

Skipper Jelle Talsma hat mei syn skûtsje De Jonge Jan de wedstiid Lemmer Ahoy wûn. It is noch mar de twadde kear dat dy sylwedstriid toch in IFKS-skûtsje wûn wurdt. Ferline jier wie Siebo Zijsling de winner.

De sylwedstriid Lemmer Ahoy yn 'e baai fan De Lemmer duorret trije dagen. Der dogge fan âldsher skûtsjes fan 'e SKS en 'e IFKS oan mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)