Drugsduo smyt mei jiskepûden

15 maaie 2010 - 14:49

Twa manlju binne freedtenacht op 'e Emmakade op 'e Lemmer oanhâlden omdat se jiskepûden op in skip smieten. In tsjûge seach de manlju oan 'e gong en sei der wat fan. Ien fan 'e fertochten waard dêr lilk om en reagearre hiel hjithollich.

De plysje koe de beide manlju letter yn in kafee oanhâlde. Se hiene allebeide harddrugs yn 'e bûse. Dat die bliken by ûndersyk op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)