Helpferlieners hindere by wurk

15 maaie 2010 - 14:27

Dronken lju hawwe yn Jobbegea personiel fan in ambulânse en plysjes hindere. De ambulânse wie oproppen foar in jonge dy't bewusteleas op strjitte lei. In groep fan 50 man kaam om 'e sikewein hinne te stean. Dêrop sette it personiel de wein fierderop doe't se de jonge yn 'e auto hiene.

De plysje koe al gau ien oanhâlde dy't it slachtoffer bûten westen slein hie, mar waard dêrby hindere troch omstanners. Der is gjin oanjefte dien en dêrom is de fertochte wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)